Fjouwer Friezen yn de Tour

De Fryske hurdfytsers, Pieter Weening, Lieuwe Westra, Bauke Mollema en Maarten Tjallingii, binne drok dwaande mei de tarieding op it NK op 'e dyk kommende snein yn Súd-Limboarch. Mar earst sil Lieuwe Westra woansdei yn Emmen besykje om Nederlânsk kampioen tiidriden te wurden. Op sneon 30 juny begjint foar alle fjouwer hurdfytsers de Ronde fan Frankryk.
Pieter Weening, dy't dit seizoen de oerstap makke fan de Rabobankploech nei de nije Australyske ploech fan Orica-GreenEdge, ried de lêste trije jier gjin Tour. Hy is der klear foar.