Twa fjochtsjende manlju rôlje wetter yn by Prinsetún

06 maaie 2018 - 12:17

Yn de Prinsetún trof de plysje om ien oere yn de nacht fan sneon op snein twa fjochtsjende manlju oan, dy't al rôljende fan de heuvel ôf yn it wetter bedarren. Nei't se op de wâl klautere wienen, gienen se wer fierder mei fjochtsjen. It die bliken dat se spul om in famke hienen. 

De plysje hat de mannen fan 18 en 21 sein dat se ophâlde moasten en hat se nei hûs stjoerd.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert Prinsetún
(advertinsje)
(advertinsje)