Plysje treft jongerein ûnder ynfloed oan op Befrijingsdei

06 maaie 2018 - 11:48

De plysje hat op Befrijingsdei twa jonge minsken oantroffen dy't flink ûnder ynfloed wienen. Op de Grienewei fûn de plysje om 22.00 oere in 15-jierrich famke. Se hie rum dronken. Har mem is ynformearre en hat har ophelle.

Op it Ruterskertier trof de plysje trije kertier letter in famke fan 17 jier út Aldegea oan dat ek flink ûnder ynfloed wie. Har heit is ynformearre en hat har ophelle.

(advertinsje)
(advertinsje)