Lien in 'libjend boek' yn de dbieb yn de Blokhúspoarte

06 maaie 2018 - 09:43

Yn de Ljouwerter biblioteek, yn de Blokhúspoarte, kinne minsken sneintemiddei net inkeld boeken liene, mar ek 'libjende boeken'. Besikers meie in boektitel út de katalogus kieze en prate mei it 'libjende boek', minsken mei in bysûnder ferhaal, dat har oansprekt. Dat kin tusken 13.00 en 17.00 oere.

De minsken, dy't meidogge, prate ûnder oare oer de folgjende ûnderwerpen: de Afrikaanske man, alternatyf genêzer, gothic, homoseksualiteit, kreakje, moslims, transgender en ferslave en dakleas.

"Don't Judge a Book By its Cover" is it biedwurd fan de Human Library. It is in beweging oer de wrâld foar sosjale feroaring en bedoeld om mei minsken te praten om sa stereotypen en foaroardielen te ûndersykjen.

It konsept fan de minsklike biblioteek is ûntstien yn Denemarken yn 2000 en is oer 80 lannen yn de wrâld ferspraat. Yn Ljouwert wurdt it foar de twadde kear organisearre.

(advertinsje)