Drave mei bier: Frysk kampioenskip 'Bokkenollen'

Yn Goaiïngaryp wurdt snein it earste Frysk kampioenskip 'Bokkenollen' hâlden. Wat dat is? Drave mei bier. In team fan fjouwer minsken moat oer in stoarmbaan mei safolle mooglik bier sa gau mooglik by de finish sjen te kommen. Dat bier, fjouwer folle glêzen Lentebok, stiet op in blêd. It glês sit lykwols fêstlime. It team dat as rapste en mei it measte bier by de einstreek komt, wint.
De folseine reportaazje oer it Bokkenollen is kommende woansdei te sjen yn Hea!