Reek yn de auto; wein útbaarnd yn Stiens

06 maaie 2018 - 08:11

Yn Stiens hat de brânwacht sneontejûn in brân blust yn in auto oan de Lege Hearewei. De bestjoerder krige ûnder it riden ynienen reek yn de auto. Hy sette de wein oan de kant en belle de brânwacht. Doe't dy der wie, wie der gjin rêden mear oan. De auto stie folslein yn de brân.

Nei alle gedachten hat sprake west fan koartsluting.

Trefwurden: 
brân Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)