Skoallen stranger by spijbelje

Fryske learlingen fine dat skoallen stranger wurden binne op it mêd fan spijbeljen. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Halt. 60 prosint fan de learlingen seit dat syn skoalle faak of altyd optreedt as der spijbele wurdt. Earder wie dat noch tsien prosint leger. De Fryske learlingen fiele har oer it algemien feilich op skoalle. De ôfrûne jierren is it gefoel fan feiligens net bot achterút gien. Mear as 14.000 learlingen ha meidien oan it ûndersyk.