De Wâldsang achtste op Europeesk Kampioenskip Brassbands

06 maaie 2018 - 07:20

Op it Europeesk Kampioenskip Brassbands yn Utrecht is De Wâldsang út Bûtenpost sneon achtste wurden. Op it ferplichte stik dat se freed spylje moasten, krige de brassband ûnder lieding fan Rieks van der Velde 91 punten. Op it wurk fan de frije kar, dat sneon op it programma stie, krigen se 90 punten fan de sjuery. 

Mei elkoar strieden 12 brassbands om it kampioenskip dat wûn waard troch Valaisia Brass Band út Switserlân, dat foar beide wurken 195 punten helle.

Trefwurden: 
De Wâldsang EK brassband
(advertinsje)
(advertinsje)