Robbert Schilder: "Het was heel stil in de kleedkamer"

06 maaie 2018 - 00:35

In grutte desepsje by de trainer en spilers fan SC Cambuur nei de útskeakeling yn de play-offs tsjin Dordrecht. De Ljouwerters ferlearen sneon nei in 4-1 efterstân yn de reguliere tiid úteinlik mei penaltys fan de Súd-Hollanners. "Dit is belachelijk", seit oanfierder Robbert Schilder. "Ik snap niet hoe dit kan. Het was heel stil in de kleedkamer."

De earste wedstriid tsjin Dordrecht waard ôfrûne tiisdei noch mei 4-1 wûn, wêrtroch't it Cambuur-kamp mei in soad selsbetrouwen begûn oan de twadde wedstriid fan sneon. Dat it sa mis gean koe, hiene trainer en spilers nea tocht. 

Krityk supporters terjochte

In teloarstelde Martijn Barto slút him oan by de wurden fan syn ploechmaat: "Dit is een regelrechte schande. Een dieptepunt. Alle kritiek van de supporters is terecht." 

Hake is lilk

Trainer René Hake is lilk op syn ploech en op himsels: "Ja natuurlijk. Ik zit vol ongeloof over hoe dit heeft kunnen gebeuren. Het is te gek voor woorden." Neffens de trainer hie Cambuur hjir winne moatten. In ferklearring foar it ferlies hat er wol: "We hadden dezelfde agressie, duelkracht en strijdlust op de mat moeten brengen als Dordrecht, maar dat hebben we niet gedaan. En daardoor breng je jezelf in de problemen. Daarnaast had ik de ploeg in de rust beter moeten voorbereiden op de tweede helft. Het is een blamage."

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)