Start rûnwei De Gordyk yn july

19 jun 2012 - 08:28

De provinsje Fryslân begjint yn de twadde wike fan july mei de oanlis fan de rûnwei oan de súdkant fan De Gordyk. De nije dyk foarmet aanst de trochgeande rûte foar it autoferkear fan en nei rykswei A7. De rûnwei moat oer in jier klear wêze.

It ferkear sil nei alle gedachten net in soad lêst ha fan de wurksumheden. Takom wike moandei wurdt troch de provinsje noch in ynformaasjejûn organisearre foar de ynwenners fan De Gordyk.

(advertinsje)
(advertinsje)