Cambuur útskeakele yn play-offs nei ferlies tsjin Dordrecht

Sportklup Cambuur is sneontejûn ferrassend útskeakele yn de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. De Ljouwerters liken mei gemak de folgjende ronde te berikken yn it twalûk mei FC Dordrecht nei de klinkende 4-1 útoerwinning fan ôfrûne tiisdei. Se giene lykwols yn eigen stadion nei penaltys ûnderút, nei't Dordrecht yn de reguliere tiid ek in 4-1 foarsprong pakt hie.
Foarsprong
Cambuur kaam yn de earste helte noch op in 1-0 foarsprong troch in goal fan Issa Kallon, nei in assist fan Daniel Crowley. Der like dan ek lang neat oan de hân foar de Ljouwerters.
Minne twadde helte
De twadde helte levere Cambuur lykwols in wanprestaasje ôf. De 1-0 foarsprong waard yn koarte tiid fuort jûn oan Dordrecht. Betiid yn dy twadde helte makke Cijntje gelyk foar Dordrecht en yn de 58e minút kaam Dordrecht op foarsprong troch Arias. Cambuur krige dêrnei ferskate kânsen op de 2-2, mar dy giene der allegear net yn.
Spanning werom
Dordrecht krige dêrnei út it neat in penalty tawiisd en kaam mei 3-1 foar. De spanning wie dêrmei folslein werom yn de wedstriid. Inkelde minuten letter wie it drama foar Cambuur kompleet, doe't Mahmudov de 4-1 makke. De stân oer twa wedstriden stie troch de 4-1 wer gelyk en dus moast de wedstriid troch in ferlinging of penaltys beslist wurde.
Penaltys
Yn dy ferlinging waard net skoard, sadat penaltys de beslissing jaan moasten. Uteinlik wie it Dordrecht dat de strafskoppen better naam mei 5-3, der mei de winst fan troch gie en de twadde ronde fan de play-offs berikte.