Drokke Befrijingsdei yn Ljouwert ferrint sûnder ynsidinten

05 maaie 2018 - 22:31

De nasjonale fiering fan it Befrijingsfestival yn Ljouwert is sneon goed ferrûn. It wie de folsleine dei tige drok yn de stêd, mar der is troch de plysje gjin melding makke fan grutte ynsidinten. Yn totaal hawwe sa'n 100.000 besikers de Fryske haadstêd besocht.

Premier Rutte

It offisjele programma fan de lanlike fiering sette om it middeisoere útein yn de Blokhúspoarte. Dêr hâlde filosofe Stine Jensen de 5 maaie-lêzing. It selskip fan pommeranten, mei premier Mark Rutte, moete yn de Blokhúspoarte ek de 94-jierrige Gerrit Fokkema yn syn eardere sel, dêr't er yn de oarloch finzen siet.

Befrijingsfjoer

Dêrnei gie it selskip fan pommeranten nei it Aldehoustertsjerkhôf om dêr it befrijingsfjoer te ûntstekken as sinjaal fan de lanlike start fan it Befrijingsfestival. It fjoer gie per ûngelok fuortendaliks wer út, mar nei in healoere slagge it de organisaasje de flam wer brâne te litten.

Kanadezen

Seis Kanadese feteranen, dy't belutsen wiene by de befrijing fan Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch, rieden yn jeeps fan de Blokhúspoarte rjochting it befrijingsfjoer op it Aldehoustertsjerkhôf.

Drokte yn iepenbier ferfier

Fanwegen it grutte tal reizgers fan en nei it Befrijingsfestival, sette Arriva sneon ekstra bussen, treinen en personiel yn. It grutte tal reizgers soarge foar drokte yn bussen en treinen, mar ta neamensweardige fertragingen hat dit net laat.

Goede sfear

Rûnom yn de stêd wie in grut ferskaat oan aktiviteiten. Op ferskillende poadia waarden optredens jûn fan ûnder oaren Chef'Special en ek wie der in Wâldrock-reüny. Yn de Prinsetún wie in spesjaal bernefestival en yn de Blokhúspoarte wiene der fersetsferhalen te hearren. Njonken de ferdivedaasje, it iten en it drinken, koene besikers ek genietsje fan skitterjend waar. Neffens de plysje wie de sfear yn de stêd dan ek goed.

De organisaasje fan de 5 maaie-fiering yn Ljouwert sels sjocht ek tige foldien werom op in slagge Befrijingsdei.

Trefwurden: 
Befrijingsdei 5 maaie
(advertinsje)