VWO-ers winne wetterpriis

19 jun 2012 - 07:27

Twa learlingen fan it VWO fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean hawwe de titel Knapste Wetterholle 2012 wûn. De learlingen hiene fan alle dielnimmers yn Nederlân it bêste idee foar in aktueel wetterprobleem.

Annelisa en Jolet hawwe sjoen nei de wetterproblemen yn it Afrikaanske Mozambyk. De skoalbern winne in reis nei Stockholm. Hjir moatte se it opnimme tsjin teams út ûnder oare Japan en Amearika.

(advertinsje)