Man brekt skonk nei ûngelok mei hynder

05 maaie 2018 - 20:08

In 52-jierrige man hat sneontemoarn in skonkbreuk oprûn nei in ynsidint mei in hynder. It ynsidint barde op it eilân De Burd, by Grou. De man besocht tegearre mei oaren it hynder út in trailer te krijen, mar it hynder waard wyld. De man foel dêrtroch efteroer en it hynder belâne boppe-op him.

Ferskate helptsjinsten, wêrûnder in traumahelikopter, waarden oproppen om earste help te ferlienen. Uteinlik is de man nei it sikehûs brocht, dêr't bliken die dat syn skonk brutsen wie.

Trefwurden: 
ferwûne Grou
(advertinsje)