FIDEO: Echtpear Tanahatoe fiert 75-jierrich jubileum

05 maaie 2018 - 19:32

Njonken it befrijingsfeest wie it sneon ek feest bij it echtpear Tanahatoe yn Ljouwert. Want se binne 75 jier troud. Guus en Juul Tanahatoe binne no 97 en 93 jier. Se joegen elkoar it jawurd yn 1943 yn Yndonezië. Dat wie doe beset troch Japan, sadwaande wie it net in grut feest. It echtpear krige sneontemiddei sawol boargemaster Ferd Crone as kommissaris fan de Kening Arno Brok op besite, om har te lokwinskjen.

(advertinsje)