Arriva set ekstra bussen en treinen yn fanwegen feestdrokte

Drokte op it Aldehoustertsjerkhôf by it Ljouwerter Befrijingsfestival © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It is sneon sa drok mei reizgers yn it Fryske iepenbier ferfier dat Arriva ekstra bussen, treinen en personiel ynset. It giet benammen om reizgers fan en nei it Befrijingsfestival yn Ljouwert. Reizgers moatte neffens it ferfierbedriuw rekken hâlde mei grutte drokte en mooglik fertragingen. Arriva advisearret reizgers foarôfgeand oan har reis it twitterkanaal en de webside fan Arriva yn de gaten te hâlden foar aktuele reisynformaasje.
Der binne op it festival yn Ljouwert nei skatting sa'n 95.000 besikers.