FIDEO: Sleepboatdagen yn Wâldsein

Wâldsein is sneon en snein wer it toaniel fan de Sleepboatdagen, in twajierliks spektakel foar jong en âld. Der lizze sechstich klassike sleepboaten en optriuwers yn de haven fan it doarp.
Dit jier stiet it Technoplein yn it doarp sintraal. Dit plein moat de jongerein entûsjast meitsje foar in baan yn de technyk. Der is neffens Alexander de Jong fan de organisaasje in grut ferlet fan minsken mei in technyske eftergrûn.