ONS Snits op eigen fjild ûnderút tsjin DVS'33

© AWfoto
ONS Snits hat sneontemiddei ferlern fan DVS'33 Ermelo. De ploech fan trainer Chris de Wagt gie op it eigen Sudersportpark mei 2-3 ûnderút tsjin de nûmer trije fan de tredde difyzje. ONS stiet sels fjirtjinde.
DVS'33 stie nei in healoere spyljen al op 2-0 troch goals fan Maurice de Ruiter (penalty) en Daniel van Warven. Betiid yn de twadde helte kaam ONS werom oant 2-1 troch in goal fan oanfierder Ale de Boer. Net lang dêrnei waard it sels 2-2 troch in rake frije traap fan Samir Merraki. Uteinlik moasten de Snitsers de winst dochs oan DVS'33 litte, nei in goal fan Benjamin Roemeon yn de 69e minút.
Troch it ferlies is ONS noch net wis fan liifsbehâld yn de tredde difyzje.