Danny Noppert nei finaledei European Darts Grand Prix

05 maaie 2018 - 16:42

Danny Noppert fan De Jouwer hat him sneontemiddei yn it Dútske Sindelfingen pleatst foar de finaledei fan de European Darts Grand Prix. De 27-jierrige Jouster wûn mei 6-5 yn legs fan Gerwyn Price. Yn in spannende lêste leg miste Price in finish fan 105 op tops; Noppert smiet dêrnei 63 út foar de winst.

It is de earste kear dat Noppert foarby de twadde ronde komt op in European Tour evenemint. Sneintemiddei komt de Jouster wer yn aksje op it poadium by de PDC. By de lêste 16 nimt hy it op tsjin de winner fan it duel tusken Peter Wright en Kirk Shepherd.

Trefwurden: 
darten Danny Noppert
(advertinsje)
(advertinsje)