Froulju SC Hearrenfean winne fan PSV

05 maaie 2018 - 16:29

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe sneontemiddei yn de kampioensgroep fan de earedifyzje wûn fan PSV. Op besite yn Eindhoven waard it 4-2 foar de Feanster froulju. De doelpunten kamen op namme fan Fenna Kalma, Laura Strik en Tiny Hoekstra (2 kear). PSV makke yn de slotfaze noch twa doelpunten, mar fierder liet Hearrenfean it net komme.

Troch de winst is Hearrenfean PSV no foarby op de ranglist fan de kampioensgroep. Der folgje foar de froulju fan Hearrenfean noch fjouwer wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)