Panielen ûntbleate mei ynfo oer delstoarte WOII-bommewerpers

Yn Dokkum en Damwâld binne sneontemiddei twa panielen ûntbleate mei ynformaasje oer twa Stirling bommewerpers dy't dêr yn de oarloch delstoart binne. By de crash by Damwâld kamen seis fan de sân bemanningsleden om it libben. By dy yn Dokkum fiif fan de acht. De oerlibjenden waarden kriichsfinzene makke.
De monuminten binne mooglik makke troch in gearwurking tusken de wurkgroep Se foelen foar ús en de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation. By de ûntbleating wiene ek famylje fan de bemanningsleden en minsken fan de ambassades fan Kanada en Grut-Brittannië oanwêzich.