Museum wol poldermûne hawwe

18 jun 2012 - 21:11

Iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld wol de fertutearze poldermûne by Rinsumageast oernimme. It jild foar de restauraasje, dy't bot nedich is, is der al.

De Sûkerei wol it wetterpeil by it museum omheechbringe, en dat soe de âlde mûne goed dwaan kinne. Hy kin ek fuortendalik tsjinje as in attraksje. De mûne moat lykwols noch wol ferpleatst wurde fan Rinsumageast nei Damwâld, en dat kostet 75.000 euro. Mar dat jild is der noch net.

(advertinsje)