Tiisdei gjin treinen tusken Ljouwert en Grins

05 maaie 2018 - 11:03

Der ride tiisdei gjin treinen tusken Ljouwert en Grins. De masinisten en kondukteurs fan it fakbûn VVMC yn Grins lizze it wurk del. Se stake foar in nije CAO by de regionale ferfierders Arriva en Keolis. De wurkjouwers en de fakbûnen sitte al langere tiid om tafel, mar komme der net út.

Ferline wike leine wurknimmers yn it streekferfier it wurk twa dagen del. Neffens VVMC hat it bûn sûnt dy tiid gjin útnûging krigen foar in nij oerlis mei de wurkjouwers.

Ferfiersbedriuw Arriva lit op twitter witte dat se allinne út de media fan de staking heard ha. "Wij lopen liever niet op de zaken vooruit. Zodra wij formeel meer informatie hebben, delen we dit zo snel mogelijk met onze reizigers."

Trefwurden: 
staking Arriva trein
(advertinsje)
(advertinsje)