Fytser ferwûne by oanriding yn Drachten

05 maaie 2018 - 10:38

By in oanriding yn Drachten is sneontemoarn in fytser ferwûne rekke. It ûngelok wie op de Noarderhegewei. In automobilist woe fan dy wei ôf It Meer ynride, en hat de fytser nei alle gedachten oer de holle sjoen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje siket út hoe't it ûngelok gebeure koe.

Trefwurden: 
Drachten oanriding fytser
(advertinsje)
(advertinsje)