LIVEBLOG: Ljouwert fiert Befrijingsdei

Yn Ljouwert is hjoed de start fan de nasjonale fiering fan Befrijingsdei. Omrop Fryslân is der de hiele dei by. Der is fan alles te dwaan yn de stêd. Hjirûnder folgje we de aktiviteiten yn in blog dat we hieltyd oanfolje.
18:50 oere: Fanwege de drokte set ferfierder Arriva ekstra bussen en treinen yn. Sjoch yn dyn reisplanner of op 9292ov.nl foar mear ynformaasje.
16:42 oere: Drokte yn Ljouwert. Sjoch op de Oldehove-cam fan Tresoar live hoe't it ferrint op it plein.
15:46 oere: Kollega Lars Hoekstra strúnt live op Facebook oer it terrein fan it Noardewyn Live poadium.
15:38 oere: Op it haadpodium by de Aldehou binne hjoed optredens fan grutte artysten. Daliks om 17:00 oere is der in optreden fan Chef'Special. In oersjoch fan alle optredens fynst op de webside fan it Befrijingsfesitval.
15:16 oere: It is aardich drok yn Ljouwert. De sfear is goed, seit de plysje.
14:03 oere: It befrijingsfjoer yn Ljouwert is sneontemiddei direkt neidat it offisjeel oanstutsen is ek alwer út gong. Premier Mark Rutte koe it fjoer om healwei twaen hinne al dreech oankrije. Troch ûnbekende oarsaak binne de flammen direkt dêrnei ek alwer út gong. Technisy fan de organisaasje binne in healoere dwaande west om it fjoer wer oan te krijen. Dat is no slagge.
13:30 oere: It Noardewyn Live poadium is los. Sjoch nei de livestream op ús website. Oant 18:00 oere is it poadium ek op tv te sjen.
Dizze bands en artysten sille optrede:
13:30 - 13:45 oere: Earbetoan Doede Bleeker/Bruno Rummler
13:50 - 14:15 oere: Restless
14:30 - 15:00 oere: The Amp
15:15 - 15:45 oere: Weekend at Waikiki
16:00 - 16:30 oere: Livin 'Blues Exp.
16:45 - 17:15 oere: Bad to the Bone
17:30 - 18:00 oere: Incursion Dementa
18:30 - 19:30 oere: Claw Boys Claw
20:00 - 21:00 oere: Strawelte
21:15 - 21:45 oere: De Doelleazen
12:54 oere: It befrijingsfjoer is oankaam yn Ljouwert. Om healwei twaën sil premier Rutte it offisjeel oanstekke. Dat is de start fan alle Nederlânske befrijingsfestivals.
12:29 oere: Op NPO 1 is it programma fanút de Blokhúspoarte te sjen: Sjoch live
12:05 oere: Rutte krijt fan Andre Boers it boek De Joodse Bruiloft oanbean. Boers wie de soan fan it echtpear út it boek.
11:43 oere: Besikers binne ûnder de yndruk fan it programma yn de Blokhúspoarte
11:38 oere: Willem de Vries makket him klear foar de optredens op it Noardewyn Live-poadium, yn de Arendstún yn Ljouwert.
11:14 oere: Rapper Ronnie Flex fleant hjoed mei in helikopter oer Nederlân hinne. Hy sil alle befrijingsfestivals oandwaan.
10:26 oere: Yn de stêd binne in soad aktiviteiten hjoed en dêrom is de omjouwing fan de Prinsetún ticht foar it ferkear (Groeneweg en omkriten). De organisaasje hat bussen ynhierd om minsken fan it WTC Expo nei de stêd te bringen. It WTC is dan ek it plak dêr't je hjoed it bêste de auto kwyt kinne. Oare plakken dêr'tst de auto parkeare kinst, binne de garaazjes by it Saailân en it Hoeksterend.
10:00 oere: Premier Mark Rutte is oankaam yn de Blokhúspoarte. Hy sil om 13:30 oere it befrijingsfjoer ûntstekke. Dêrnei begjinne alle fjirtjin befrijingsfestivals yn Nederlân.
09:37 oere: Bûten Ljouwert binne hjoed ek aktiviteiten:
09:00 oere: Boargemaster Crone fan Ljouwert is der klear foar: