Nij systeem foar staazjes

18 jun 2012 - 20:21

De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert sil in systeem ûntwikkelje om teory en praktyk yn it ûnderwiis better op inoar oanslute te litten. It hâldt yn dat dosinten, studinten en minsken út de praktyk fia ynternet gearwurkje sille.

It moat foarkomme dat studinten harren begelieder kwalik sjogge as se op staazje binne. Dat bart no geregeld. Der is ek faak krityk dat de lesstof net mear by de tiid is. It nije systeem moat dat foarkomme. It projekt sil brûkt wurde by staazjes yn it middelber- en heger beropsûnderwiis.

(advertinsje)