Natuermuseum Dokkum wol jild

03 nov 2011 - 09:05

It is tongersdei in spannende jûn foar it natuermuseum yn Dokkum. De gemeente Dongeradiel praat yn de riedsgearkomste oer de besunigings op it museum. De jierlikse subsydzje fan 25.000 euro hâldt nei dit jier op. Ta grut fertriet fan de meiwurkers. Nei in pear minne jierren hiene se de saak einlik wer op 'e rit en rinne de besikerstallen wer op. Neffens de gemeente binne de kosten foar it pân lykwols te heech wurden.

(advertinsje)