Hurddravers bringe it fjoer fan de befrijing nei Ljouwert

05 maaie 2018 - 09:18

In groep hurddravers bringt it fjoer fan de befrijing nei Ljouwert. It fjoer is fannacht om tolve oere oanstutsen yn Wageningen, dêr't yn 1945 de offisjele oergave fan de Dútsers tekene is. Dat wie de ein fan de oarloch.

Alle jierren wurdt it befrijdingsfjoer út Wageningen helle. It giet it nei tal fan gemeenten dêr't op fiif maaie befrijdingsdei fierd wurdt. Dit jier stiet yn it teken fan it betinken fan minsken dy't yn it ferset sieten.

Omdat de lanlike fiering fan fiif maaie dit jier yn Ljouwert is, stekt minister-president Rutte sneontemiddei offisjeel it Ljouwerter befrijdingsfjoer oan op it Aldehouster Tsjerkhôf.

 

Trefwurden: 
Befrijingsdei 5 maaie fjoer
(advertinsje)
(advertinsje)