Bestelbus slim skansearre by brân yn Oerterp

05 maaie 2018 - 07:54

Yn Oerterp is yn de nacht fan freed op sneon in bestelbus yn flammen opgien. De bus stie op de Koetsebeiwal. In buertbewenner warskôge de brânwacht. Dy hat it fjoer blust, mar koe net foarkomme dat de bestelbus ferlern gie. De plysje hat it plak ôfset. Der soe tocht wurde oan brânstichting. De plysje hat de saak yn ûndersyk. 

Trefwurden: 
brân Oerterp
(advertinsje)
(advertinsje)