Aksjefiere foar brede skoalle

18 jun 2012 - 20:10

Lippenhústers hawwe moandeitejun muzikaal aksjefierd by de gemeenteried. It doarp protestearre sa tsjin de fersobere plannen foar de bou fan in brede skoalle. Yn Lippenhuzen is yn oparbeidzjen mei de gemeente seis jier lang wurke oan plannen. Sa soe ûnder oare it doarpshûs en de fuotbalferiening der in plak by krije.

Mar doe't it definitive plan bekend makke waard troch it kolleezje fan B&W die bliken dat it folle lytser wurde moat. Fierstente lyts, fine de Lippenhústers. Romten binne mei de helte lytser makke.

Dêrneist moat it neffens de gemeente op in lokaasje oan de râne fan it doarp komme. De bewenners wolle it leaver by it fuotbalfjild hawwe. Se binne boppedat benaud dat de skoalle al gau te lyts wurdt. Neffens it kolleezje binne har plannen 6 ton goedkeaper. Neffens de wurkgroep dy't der earder oan wurke,kloppet dat net en giet it mar om 150.000 euro.

(advertinsje)