Frou rydt te hurd yn Ljouwert en moat rydbewiis ynleverje

04 maaie 2018 - 22:39

De plysje hat freedtejûn it rydbewiis yn beslach nommen fan in 27-jierrige automobiliste út de gemeente Tytsjerksteradiel. De frou ried fierstente hurd op de Aldlânsdyk yn Ljouwert.

It laserapparaat fan de plysje joech 142 kilometer yn 'e oere oan, wylst dêr maksimaal 70 kilometer yn 'e oere riden wurde mei.

Trefwurden: 
rydbewiis Aldlânsdyk
(advertinsje)
(advertinsje)