Crone stiet by betinking Prinsetún stil by feteraan Cooper
Yn syn taspraak by de provinsjale deadebetinking yn de Prinsetún hat boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert ûnder oare omtinken jûn oan Frances James Cooper.
Cooper siet yn septimber 1942 yn in Lancaster op wei nei bombardeminten yn Bremen. It fleantúch waard delsketten en yn Nasjonaal Park De Alde Feanen weromfûn. Cooper sels is noch altiten fermist.
Joadsk echtpear
Ek hie Crone it oer it joadske echtpear Barend Boers en Mimi Dwinger. Harren bern fûnen bylden fan it houliksfeest yn 1939 mei dêrop allegear minsken dy't de oarloch net oerlibbe hawwe. It wie de ynspiraasje foar in boek en in dokumintêre.
Dit soarte ferhalen soarget derfoar dat minsken belibje kinne wat der yn de oarloch bard is, seit Crone. Hy wiist derop dat der hieltyd minder minsken binne dy't de oarloch meimakke ha.