Bruins Slot en Faber wurde wethâlders op It Amelân

04 maaie 2018 - 19:56

It is bekend hoe't it kolleezje fan gemeente Amelân derút komt te sjen. Ellen Bruins Slot en Theo Faber wurde de nije wethâlders op it eilân. Bruins Slot is fan de PvdA en is op dit stuit demisjonêr wethâlder yn Tytsjerksteradiel. Dêr is de PvdA bûten de boat fallen by it nije kolleezje.

Faber wurdt út namme fan AmelandEén wethâlder. Faber wurdt moandei 14 maaie ynstallearre. Bruins Slot pas ein juny. Sy makket earst har wurk yn Tytsjerksteradiel ôf. Oant dy tiid bliuwt sittend wethâlder Joop Lodewijks oan, út namme fan de nije koälysje.

(advertinsje)