Douma nimt Metalfinish oer

18 jun 2012 - 19:26

It Snitser bedriuw Metalfinish wurdt foar it grutste part oernaam troch Douma Staal út deselde stêd. Douma Staal nimt ûnder oare de buize-ôfdieling en de gruthannel oer. De oare ôfdieling, Eurofinish, wurdt oernaam troch Gerrit de Boer dy't as manager wurke by Metalfinish.

De oername betsjut dat 28 minsken harren baan hâlde kinne. Sy kinne tiisdei alwer oan it wurk. Neffens direkteur Geert-Jan Douma fan Douma Staal kealle it swier mei de ûnderhannelings. Hy wol net sizze foar hokker bedrach Metalfinish úteinlik oernaam is.

(advertinsje)
(advertinsje)