Kanadeeske feteranen by WOII-betinkingen Holwert en Ternaard

Yn Holwert en Ternaard wiene freed twa aparte betinkingen foar de bemanningen fan de RAF-fleantugen dy't dêr delstoarten binne yn de simmer fan 1943. De betinkingen by de Holwerter seedyk en op it tsjerkhôf fan Ternaard waarden bywenne troch de seis Kanadeeske feteranen dy't dizze wike yn Fryslân binne.

Holwert

By Holwert crashte op 26 juny 1943 in Wellington op it Waad flakby de seedyk. Oan de binnenkant fan de seedyk leit no in tinkstien. Boargemaster Marga Waanders en doarpsbelang Holwert leine dêr in krâns, twa fan de Kanadeeske feteranen diene itselde.
De betinking mei de feteranen waard bywenne troch hûnderten Holwerters. Fjouwer F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis brochten in earesalút troch yn formaasje oer de seedyk te fleanen.

Ternaard

De Kanadeeske gasten reizgen oanslutend mei histoaryske legerauto's fan Keep Them Rolling oer de seedyk nei Ternaard. Dêr wie oan it begjin fan de middei in twadde betinking foar de bemanning fan de Wellington dy't dêr op 3 augustus delstoarte. Ek yn Ternaard wie de belangstelling foar de betinking grut.
Hjir leine meireizge famyljeleden fan de Kanadeeske feteranen blommen by de fiif grêven. Ien fan de grêven is namleas, omdat ien bemanningslid nea identifisearre wurde koe. De seremoanje yn Ternaard waard ôfsletten mei it Ingelske en Kanadeeske folksliet.

Lytse presintsjes

De Kanadeeske feteranen dielden yn it doarp ek lytse presintsjes út lykas Kanadeeske flaggen, buttons en repen sûkelade yn in histoaryske 'Victory'-wikkel. It giet om sûkelade dy't liket op de repen dy't by de befrijing yn 1945 útdield waard.
De Kanadezen waarden oanslutend werombrocht nei harren ferbliuwplak yn Aldtsjerk foar de nedige rêst, want freedtejûn binne se wer oanwêzich by de Fryske deadebetinking yn de Prinsetún. Op sneon 5 maaie binne se earegast by de nasjonale start fan Befrijingsdei mei minister-presidint Mark Rutte yn Ljouwert.

D-Day takom jier

De Kanadeeske feteranen binne allegearre 93 jier of âlder. Likegoed binne guon fan harren fêst fan doel om faker nei Europa te kommen. Guon meitsje al plannen foar de 75e betinking fan D-Day takom jier. Yn de maaitiid fan 2020 is it 75 jier lyn dat Nederlân befrijd waard.
De stichting Canadian Liberators, dy't de reis fan de feteranen organisearre, is yn prinsipe ree om ek dan feteranen nei Fryslân te heljen, as se dan noch fit en sûn genôch binne.