Wite reek yn Dantumadiel; gemeente hat in nij kolleezje

04 maaie 2018 - 16:49

It nije gemeentebestjoer fan de gemeente Dantumadiel is rûn. Gemeentebelangen Dantumadiel, Sociaal Links en ChristenUnie binne ta in bestjoersakkoart kaam. It giet hjirby om in akkoart op haadlinen. De partijen wolle it fierder ynfolje mei de gemeenteried, ynwenners en bedriuwen.

Nije wike moandei wurdt it nije kolleezje ynstallearre. Alle trije partijen leverje in wethâlder. Dat wurde Kees Wielstra fan GemeenteBelangen, Rommy Kempenaar fan Sociaal Links en Gerben Wiersma fan ChristenUnie.

(advertinsje)
(advertinsje)