Pathé makket útsûndering en set films twa minuten stil

04 maaie 2018 - 15:45

De Pathé-bioskopen yn Ljouwert steane freedtejûn twa minuten stil by de deadebetinking. Dêrmei makket de bioskoopketen in útsûndering foar de Fryske haadstêd, want gewoanwei lit Pathé de films op 4 maaie om 20.00 oere gewoan trochdraaie.

Omdat it yn Ljouwert gebrûklik is dat de bioskoopfilms in skoftke stilset wurde, sil Pathé dat freedtejûn ek dwaan. Ein ferline jier is Pathé eigener wurden fan de twa Ljouwerter bioskopen, Tivoli en Cinema.

(advertinsje)
(advertinsje)