Klant betellet faktuer nei 23 jier oan boubedriuw Lont

Boubedriuw Lont krige fannewike te meitsjen mei in hiel spesjale klant. Jan Fleer liet yn 1995 in wenning bouwe troch Lont yn Ljouwert. By de bou kaam Lont mei mearwurk.
Fanwegen de uniformiteit waard in trochsichtich glês yn in doar ferfongen troch matglês. Mearkosten: goed seishûndert gûne. Fleer gie destiids net akkoard mei dat mearwurk en betelle de faktuer net.
23 jier letter komt Jan Fleer yn in âld dossier de faktuer fan destiids wer tsjin. En no tinkt hy: dat kin net. ,,Dat is niet van mij, dat geld. Dat moet gewoon naar Lont'', seit Fleer.
Hy nimt kontakt op mei Jetze Lont, direkteur fan it boubedriuw en betellet him trijehûndert euro. Lont is ferbjustere troch dizze betelling, mar tinkt tagelyk ek: wat moat ik der mei? Hy freget Fleer om ris nei te tinken oer in goed doel. Lont: ,,Wy wiene dat jild fansels al ferjitten. It is hiel bysûnder.''
Kankerfûns
En dan komme der noch twa lyntsjes by inoar. Fleer hat sân jier ferlyn syn frou ferlern oan kanker. Earder rekke Jetze Lont syn broer Dirk kwyt oan deselde sykte. De oplossing wie gau fûn: de lette betelling fan Jan Fleer waard oermakke oan it KWF Kankerfûns. ,,Het overrompelde mij een beetje'', seit Fleer. ,,Ik vond het een supergedachte.''