Plannen Empatec-gebiet Menaam

De Akkerman investgroup fan Frjentsjer hat plannen foar it ûntwikkeljen fan it kassekompleks fan Empatec by Menaam. De kassen gean tsjin de flakte en derfoar yn it plak komt in bedriuweterrein dêr't ek wenne wurde kin. Neffens direkteur Akkerman is der in soad belangstelling foar de lokaasje. Begjin takom jier wol Akkerman útein sette mei de ûntwikkeling fan it gebiet.