Linksback Woudenberg ferfangt Pierie tsjin Feyenoord

SC Hearrenfean hat foar de wedstriid fan snein tsjin Feyenoord in fitte seleksje. Allinnich de al langer útskealele Stijn Schaars, Warner Hahn en Martin Ødegaard binne der net by. Kik Pierie is skorst. Syn plak wurdt wierskienlik ynnaam troch Lucas Woudenberg, dy't it dêrtroch opnimt tsjin syn âlde ploech.
Hearrenfean is by winst op Feyenoord wis fan de play-offs foar Europeesk fuotbal. Ek by in lykspul is sa goed as wis dat se trochgean. Troch in folle better doelsaldo moatte ADO Den Haag of PEC Zwolle wol echt mei in grut ferskil winne.
Dit is no de stân:
Programma:
Fermoedelike opstelling: Hansen, Dumfries, Hoegh, Bulthuis, Woudenberg, Kobayashi, Thorsby, Van Amersfoort, Rojas, Reza en Zeneli.