Ipewachtkampanje wer los

De ipewacht is moandei út ein set mei it ynspektearjen fan de ipen yn hast alle Fryske gemeentes. De seis ynspekteurs krigen de moarns earst teoretyske en praktyske ynstruksje. De middeis giene se it fjild yn om alle ipen te hifkjen op ypsykte. Beammen dy't siik binne, wurde roaid om fierdere fersprieding fan ypsykte te foarkommen.
Neffens Gauke Dam fan de ipewacht krije de ipewachters it probleem hieltiten mear ûnder kontrôle. Dêrom wurdt fan 't hjerst begûn mei it plantsjen fan sawat 2000 nije ipen.
De ipewacht wol de kommende jierren mei-inoar sawat 9000 nije ipen plantsje. De yp is karakteristyk foar Fryslân. De beamsoart waard de ôfrûne jierren slim bedrige troch de ypsykte. Partikulieren dy't de ôfrûne jierren in yp troch de sykte ferlern hawwe, kinne in nije yp krije.