Jier selstraf foar gizeljen barman yn Appelskea

04 maaie 2018 - 14:31

In 49-jierrige ynwenner fan Appelskea moat in jier de sel yn fanwege gizeling en bedriging. De man bedrige ein ferline jier in meiwurker fan in bar yn syn wenplak mei in gaspistoal en gizele him in oantal oeren. De man die dat, omdat er pakt wurde woe troch de plysje om sa help te krijen foar syn problemen. De rjochter fynt dat er dêrby te min each hie foar de gefolgen dy't de gizeling en bedriging foar de barmeiwurker hie.

Neist de selstraf moat de man ek in skeafergoeding fan 3.000 euro oan it slachtoffer betelje.

Trefwurden: 
gizeling Appelskea kafee
(advertinsje)
(advertinsje)