Hake sil net in soad wizigje yn alvetal Cambuur

04 maaie 2018 - 14:10

Der sil net in hiel oare ploech op it fjild komme by SC Cambuur, yn de twadde play-offwedstriid tsjin FC Dordrecht.

De earste waard tiisdei mei 4-1 wûn en dus hawwe de Ljouwerters in riante foarsprong foar de return. It betsjut net dat trainer René Hake in soad wikselje sil. "We gaan niet met een heel ander team spelen, want dat zou betekenen dat we het niet serieus nemen." In oantal wikselingen slút Hake net út: "We gaan kijken naar jongens die het lastig kunnen hebben met het spelen van meerdere wedstrijden kort achter elkaar." Nammen woe Hake net neame. "Maar met zo'n uitslag zijn we aan onze stand verplicht naar de volgende ronde te gaan."

8000 kaartsjes

Nettsjinsteande dat der hast gjin spanning liket te wêzen, binne der al hast 8.000 kaartsjes ferkocht foar de wedstriid fan sneon. Mei dêrom wol Hake fan syn ploech wol gewoan in goeie prestaasje sjen. "We zijn verplicht om ons te laten zien aan het publiek, dat door de goeie resultaten in groten getale komt."

Trefwurden: 
Cambuur Ljouwert FC Dordrecht
(advertinsje)
(advertinsje)