Plysje siket tsjûgen fan deadlik ûngelok Ljouwert

By in ûngelok yn Ljouwert kaam in fytser om it libben © Kappers Media
De plysje is op syk nei minsken dy't mear fertelle kinne oer in deadlik ûngelok, freedtemoarn betiid yn Ljouwert. By in oanriding op de krusing fan de Harnzerstrjitwei en de Ingelskestrjitte kaam in fytser om it libben. De frou waard oanriden troch in frachtwein.
Hoe't dat gebeure koe, wurdt troch de plysje ûndersocht. Fanwegen dat ûndersyk is de plysje no op syk nei tsjûgen. Dy wurde frege kontakt op te nimmen mei de plysje.