Ekstra feilichheidsmaatregels yn Ljouwert op Befrijingsdei

Ljouwert is sneon it dekôr fan de lanlike fiering fan befrijingsdei. Om't der in soad pommeranten komme nimt de gemeente Ljouwert ekstra feiligensmaatregels. De gemeente Ljouwert wurket gear mei de Nationale Veiligheidsautoriteit, om derfoar te soargjen dat alles goed en feilich ferrint.
Yn de stêd binne de tariedingen in folle gong. Sa wurdt it dekôr fan de NOS yn de Blokhúspoarte freed noch opboud. Dêr sil ûnder oare minister-presidint Mark Rutte de 5 maaie-lêzing fan filosoof Stine Jensen bywenje. Allinnich minsken dy't in útnûging krigen hawwe, mei derby wêze. De gasten stean op in list en binne fan tefoaren screend.
Rutte rydt nei de lêzing yn in âlde legerjeep mei Kanadeeske feteranen nei it festivalterrein op it Aldehoustertsjerkhôf. Om dat feilich ferrinne te litten, binne ek hjir maatregels naam. Sa wurdt bygelyks de rûte net bekend makke.
De offisjele start fan it Befrijingsfestival is sneon om 13.30 oere, as minister-presidint Rutte it befrijingsfjoer ûntstekt op it Aldehoustertsjerkhôf.