Befrijingsdei yn Ljouwert: wêr moatte wy wêze?

Yn dit Kulturele Haadstêdjier is Ljouwert it toaniel fan de nasjonale frijheids-fiering. Wat is der krekt te dwaan?
Lêzing
Yn de Blokhúspoarte jout filosofe Stine Jensen de 5 maaie-lêzing. Jensen is berne yn Denemarken, mar groeide op yn Nederlân. Naomi Maneka (10) jout de bernelêzing. De lêzing is om 12:00 oere en wurdt live útstjoerd troch de NOS. De útstjoering duorret oant 13:00 oere.
Parade fan jeeps
Om 13.00 oere hinne ride seis Kanadese feteranen, dy't belutsen wiene by de befrijing fan Fryslân yn de Twadde Wrâldoarloch, yn jeeps by de Blokhúspoarte wei rjochting it befrijingsfjoer op it Aldehoustertsjerkhôf.
Ûnderweis sille sa'n hûndert bern fan azc's út Fryslân harren oanslúte by de parade. Sy ha selsmakke objekten oer frijheid mei. Saksofonist en winner fan de wichtichste kultuerpriis, Luc Mishalle sil mei artysten út België en blazers út Fryslân de parade muzikaal oanklaaie.
De feteranen binne nei Fryslân helle troch de Stichting Canadian Liberators foar 4 en 5 maaie. Trije jier lyn waard de 70e Befrijingsdei noch meimakke troch in groep fan achttjin feteranen. Der waard doe rekken mei hâlden dat dat mooglik de lêste besite wurde soe omdat se net mear de jongsten wiene.
Fjoer
Presidint Mark Rutte sil op it Aldehoustertsjerkhôf om 13:30 oere it fjoer ûntstekke. As Rutte it fjoer ûntstekt, is dat it sinjaal dat de fjirtjin befrijingsfestivals yn it lân begjinne. Net allinnich Mark Rutte komt sneon nei Fryslân. Ek vice-presidint fan de Raad van State Piet-Hein Donner komt, lykas in ambassadeur fan België en Kanada. Der komme ek kommissarissen fan de kening fan ferskate provinsjes nei Ljouwert.
Bernefestival
Ek foar de bern is der in soad te dwaan. Yn de Prinsetún is der in spesjaal festival foar bern, mei in stoarmbaan, springkessens en sirkus Saranti jout ek in show.
Wâldrock-reüny
Op 5 maaie is Noardewyn wer oanwêzich op it Befrijdingsfestival, mar dit jier is wol in bysûnder jier. It programma pakt krekt wat oars út as de ôfrûne jierren. "Wy sille de hiele dei Wâldrock-acts programmearje'', seit presintator Willem de Vries. ,,Dat binne bands dy't spesjaal hjirfoar wêr byinoar komme (lykas The Amp mei Nyk de Vries) en ek bekende acts. It wurdt ien en al Wâldrock-reüny." Leafhawwers fan Wâldrock kinne noch harkje nei de podcast mei de 'founding fathers' fan it festival.
It Noardewyn live-poadium is te finen yn de Arendstún yn Ljouwert. Fan 13.00 oere ôf binne de optredens te folgjen by Omrop Fryslân op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Om 18.00 oere wurdt de útstjoering op radio en telefyzje ôfsletten, mar giet it feest op it plein en de livestream gewoan troch.
Ronnie Flex
En fansels is der noch rapper Ronnie Flex. Hy is dit jier de ambassadeur fan de frijheid en fljocht mei in helikopter it lân troch en slút it Befrijdingsfestival ôf. Hy begjint om 23:00 oere. Ek ûnder oare Chef'Special, De Doelleazen, it Pasveerkorps en Da Pauli binne by de poadiums foar in optreden. Wa der noch mear komme? Dat is te lêzen yn it blokkenskema.
Der is noch in soad mear te dwaan op it Befrijdingsfestival yn Ljouwert. Lân fan Taal hat in program en der is in plein fan de frijheid.
Binnenstêd
De binnenstêd fan Ljouwert is fanwegen it festival ôfsletten foar auto's. De gemeente Ljouwert nimt sneon ekstra feilichheidsmaatregels.