Sykje nei eksplosiven yn Lemster haven kostet 220.000 euro

De Jachthaven op De Lemmer © Omrop Fryslân, Geale Groen
Ekstra wurk fanwegen mooglike eksplosiven yn de haven fan De Lemmer hat de gemeente De Fryske Marren goed 220.000 euro koste. Dat docht bliken út stikken dy't boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried stjoerd ha. By baggerwurk die bliken dat der mooglik eksplosiven yn de haven lizze. Der moast dêrom ekstra ûndersyk dien wurde en it baggerwurk koste mear tiid as gebrûklik. Der binne úteinlik gjin eksplosiven yn de haven oantroffen.
De gemeenteried moat de hichte fan de kosten no offisjeel fêststelle om yn oanmerking te kommen foar in fergoeding fan it ministearje fan binnenlânske saken. Dat betellet 70 prosint fan de kosten, De Fryske Marren soe dan sels noch sa'n 70.000 euro bydrage moatte.