Provinsjehûs iepenet de doarren foar Friezen

Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten nûgje ynwenners fan de provinsje út foar in besite oan it provinsjehûs. Dêr kin dan efter de skermen by de provinsjale polityk sjoen wurde. De belangstellenden binne dit hiele jier wolkom op de woansdeis dat der in steategearkomste hâlden wurdt.
Der is alle kearen plak foar sa'n tsien minsken. Dy moatte har wol yn it foar oanmelde by de provinsje. Dat kin fia de webside. Provinsjale Steaten hoopje mei de besites boargers en polityk tichter byinoar te bringen.