Oarlochsferhalen: David Willem Vischjager waard Ids Boot

04 maaie 2018 - 13:30

Ferhalen fan minsken dy't de Twadde Wrâldoarloch meimakken, komme der hieltyd minder. Dochs binne se der noch. Faak binne it jeugdoantinkens fan minsken dy't as bern of jongere de oarloch meimakke hawwe. Se binne no yn de tachtich of njoggentich jier en hawwe ferhalen fan mear as santich jier lyn. As se deroer prate, is it lykwols as wie it juster. 

Ids Boot kin syn ferhaal net mear sels fertelle. De 'echte Snitser jonge', sa as er himsels neamde, ferstoar yn 2004 oan kanker en der wiene mear as 400 minsken om him de lêste ear te bewizen. Mar wa wie Ids Boot? Syn soan Ilan Boot fertelt it libbensferhaal fan syn heit. 

Underdûke

Op 2 maaie 1943 waard der yn Amsterdam in Joadske poppe berne: David Willem Vischjager, soan fan Elias Vischjager en Marianne Scheffer. Doe't de lytse David trije moanne wie en yn Amsterdam de lêste razzia wie, besleat mem Marianne mei har berntsje ûnder te dûken op in pleats bûten de stêd. Heit Elias wie earder al deportearre troch de Dútsers. De poppe gûlde lykwols tefolle en soe dêrmei de oare ûnderdûkers ferriede. Uteinlik waard de poppe troch in omke nei in kresj fan de Dútsers oerbrocht en soe deportearre wurde, mar it berntsje waard troch fersetsminsken út de kresj weismokkele en nei Snits oerbrocht. 

Eigen bern

Yn Snits waard er leafdefol opfongen troch de famylje Boot. David wie doe in healjier âld en krige de namme Ids Boot. Troch de jierren hinne waard er folslein opnommen yn de Snitser mienskip. Hy fielde him der thús. Ids troude mei stedsgenoate Zus Visser, mei wa't er fjouwer bern krige, en bleau syn hiele libben yn Snits wenjen.

Mem Marianne oerlibbe, al ûnderdûkend, de oarloch. Fia fia kaam se wer yn kontakt mei har soantsje, mar úteinlik waard besletten dat it better wie dat er by de famylje Boot yn Snits bleau. "Hij was een echte Boot geworden, opgegroeid als hun eigen kind", seit Ilan. 

Trauma

Pas folle letter ûntstie by Ids Boot it besef dat er oars wie, dat er in Joadsk jonkje wie. Hy krige syn dossier yn hannen en kaam mear te witten oer syn libben. Doe't er sels bern krige, krige er in soad lest fan syn ferline. "Dat hij niet wist wie hij was. Heel veel nachtmerries, dat wij als gezin werden weggevoerd door de Duitsers", fertelt Ilan.

It duorre lang foardat er help socht. Pas begjin jierren 90 doarde er it, nei jierren fan terapy, oan om oer syn ferline te fertellen. "Je kan het zien als een soort loyaliteitskwestie. Wie ben ik loyaal en aan wie moet ik loyaal zijn. Hij is altijd loyaal geweest aan de familie Boot. Maar later twijfelde hij er wel over of hij weer Vischjager wilde heten. Daar heeft hij tot aan zijn dood echt wel mee gezeten."

Ilan Boot fertelt freedtemiddei tusken 14.00 en 16.00 oere it ferhaal fan syn heit op it gemeentehûs yn Snits. Ek oare oarlochsferhalen wurde dêr ferteld. It giet om in inisjatyf fan Sporen Joods Leven Sneek.

(advertinsje)