Vitens lansearret fernijde kuierapp

© Omrop Fryslân
Wetterbedriuw Vitens hat in fernijde kuierapp lansearre. Op fyftjin plakken yn Nederlân kin oan de hân fan de app in rûte rûn wurde. Dy giet dan troch in gebiet dêr't Vitens it drinkwetter út de grûn hellet. Yn de app wurdt ek ynformaasje jûn oer dy wetterwinning. Twa fan de rûtes gean troch Fryslân, om krekt te wêzen troch wingebieten op It Amelân en Skylge. Dy lêste rûte is fiif kilometer lang, de earste acht.